P-PAD XXIX – XXXIII
augustus 7, 2011
Door op 16:28

Dit hiene jim noch tegoede:

P-PAD XXIX

Op 23 juni haw wy de trie wer op nommen. It stikje fan Bruggenvorst nei de camping dêr ’t wy dit jier de caravan hienen. Dêrmei slúten wy oan by it stik dat wy op 21 jnu 2006 rûn hawwe. It wie mar in lyts stikje, om der wer wat yn te kommen. Doe’t we sawat op it ein wiene hiene wy sicht op in camping. “Dat is ek in moai plakje!” seinen wy stjin elkoar. Goed hûndert meter fierder seagen wy dat it ús eigen camping wie!

P-PAD XXX

De oare deis wer nei Grubbenvorst, mar no de oare kant ut. It stik nei Venlo ta. Wy hawwe nei Venlo fietst n werom rûn. It paad kloppe net hielendal mear mei de kaart yn ús boekje en dat hie ús al it spoar bringe moatten, mar nee dus.

P-PAD XXXI

De 25e in pracht stik lans de grins. It slimste wie dit kear om in goed startpunt te hawwen. Wy keazen foar De Witte Stein, mar dat wie noch in toer om dat te finen. De hiele brut oan dyken en paden is dêr nochal feroare fanwege de oanlis fan de A73. Mar goed is it slagge.

P-PAD XXXII

In pear dagen rest en dan mar wer fierder: 29 juni. No fan station Roermond nei deselde Witte Stein. Dat foel ôf. It wie swierder dan wy tochten en ek nochal wat fierder. Hjir klopte de kaart net hielendal mear. Mar wol troch prachtige natoer by Maalbroek en Swalmen. De A73 raast dêr ûndertroch, mar jo fernimme der neat fan. By de Witte Stein lekker iten.

P-PAD XXXIII

Op 1 juli fan Echt nei Roermond. No wie it al in dreech stik om it begjin fan de rûte te finen. Dat hat ús in oere kost en dus ek in 4 km. No kloppe de kaart en it paad hielendal net mear. It wie prachtig, der net fan, mar as jon ei 30 km rinnen noch lang net te plak binne! Ik haw in frou frege hoe ’t wy by it station komme koene. Sy hat de auto pakt en ús dêr ôfsetten. Der binne noch wol minsken mei it hert op it goede plak!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *

*

De volgende HTML tags en attributen zijn toegestaan: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>