KRAMSFÛGEL
augustus 13, 2011
Door op 20:36

Hoe âld wie ik? Ik tink 7 of 8 jier. Ik wie gau ris mei myn heit op 'n paad. Hy moatst altyd wol nei klanten ta yn it ien of oare doarp. Underweis hie er it each net altyd op 'e dyk. It field en dan benammen de fûgels hiene syn oandacht. Fan him haw ik bulte fûgelnammen leard. Ik wit noch skoan dat er sei "must sien ju, un kramsfogel!" Dat wie yn 'e winter, want dat jilde doe noch as in "dwaalgast" dy't yn strange winters wolris ús kant op kaam. No briede se hjirre en sa koe ik op 'e camping disse gast der op sette.

AFD_24072011_1a 

0 reacties op KRAMSFÛGEL

  1. En as heit troch de Makkumer mar ried mei de bestelein, dan koe der samar inienen op’e rem traapje en wize:’Sjoch, kemphaantsies!’
    No, dy kemphaantsjes binne sûnt jierren al net mear sinjalearre yn’e Makkumer mar…dat sille no wol dwaalgasten wêze yn in frjemd lân.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *

*

De volgende HTML tags en attributen zijn toegestaan: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>