KRAMSFÛGEL
Hoe âld wie ik? Ik tink 7 of 8 jier. Ik wie gau ris mei myn heit op 'n paad. Hy moatst altyd wol nei klanten ta yn it ien of oare doarp. Underweis hie er it each net altyd op 'e dyk. It field en dan benammen de fûgels hiene syn oandacht. Fan him haw ik bulte fûgelnammen leard. Ik wit noch skoan dat er sei "must sien ju, un kramsfogel!" Dat wie yn 'e winter, want dat jilde doe noch as in "dwaalgast" dy't yn strange winters wolris ús kant op kaam. No briede se hjirre en sa koe ik op 'e camping disse gast der op sette.

P-PAD XXIX – XXXIII
Dit hiene jim noch tegoede:
P-PAD XXIX
Op 23 juni haw wy de trie wer op nommen. It stikje fan Bruggenvorst nei de camping dêr ’t wy dit jier de caravan hienen. Dêrmei slúten wy oan by it stik dat wy op 21 jnu 2006 rûn hawwe. It wie mar in lyts stikje, om der wer wat yn te kommen. Doe’t we sawat op it ein wiene hiene wy sicht op in camping. “Dat is ek in moai plakje!” seinen wy stjin elkoar. Goed hûndert meter fierder seagen wy dat it ús eigen camping wie!
P-PAD XXX
De oare deis wer nei Grubbenvorst, mar no de oare kant ut. It stik nei Venlo ta. Wy hawwe nei Venlo fietst n werom rûn. It paad kloppe net hielendal mear mei de kaart yn ús boekje en dat hie ús al it spoar bringe moatten, mar nee dus.
P-PAD XXXI
De 25e in pracht stik lans de grins. It slimste wie dit kear om in goed startpunt te hawwen. Wy keazen foar De Witte Stein, mar dat wie noch in toer om dat te finen. De hiele brut oan dyken en paden is dêr nochal feroare fanwege de oanlis fan de A73. Mar goed is it slagge.
P-PAD XXXII
In pear dagen rest en dan mar wer fierder: 29 juni. No fan station Roermond nei deselde Witte Stein. Dat foel ôf. It wie swierder dan wy tochten en ek nochal wat fierder. Hjir klopte de kaart net hielendal mear. Mar wol troch prachtige natoer by Maalbroek en Swalmen. De A73 raast dêr ûndertroch, mar jo fernimme der neat fan. By de Witte Stein lekker iten.
P-PAD XXXIII
Op 1 juli fan Echt nei Roermond. No wie it al in dreech stik om it begjin fan de rûte te finen. Dat hat ús in oere kost en dus ek in 4 km. No kloppe de kaart en it paad hielendal net mear. It wie prachtig, der net fan, mar as jon ei 30 km rinnen noch lang net te plak binne! Ik haw in frou frege hoe ’t wy by it station komme koene. Sy hat de auto pakt en ús dêr ôfsetten. Der binne noch wol minsken mei it hert op it goede plak!
P-PAD XXIX – XXXIII
Dit hiene jim noch tegoede:
P-PAD XXIX
Op 23 juni haw wy de trie wer op nommen. It stikje fan Bruggenvorst nei de camping dêr ’t wy dit jier de caravan hienen. Dêrmei slúten wy oan by it stik dat wy op 21 jnu 2006 rûn hawwe. It wie mar in lyts stikje, om der wer wat yn te kommen. Doe’t we sawat op it ein wiene hiene wy sicht op in camping. “Dat is ek in moai plakje!†seinen wy stjin elkoar. Goed hûndert meter fierder seagen wy dat it ús eigen camping wie!
P-PAD XXX
De oare deis wer nei Grubbenvorst, mar no de oare kant ut. It stik nei Venlo ta. Wy hawwe nei Venlo fietst n werom rûn. It paad kloppe net hielendal mear mei de kaart yn ús boekje en dat hie ús al it spoar bringe moatten, mar nee dus.
P-PAD XXXI
De 25e in pracht stik lans de grins. It slimste wie dit kear om in goed startpunt te hawwen. Wy keazen foar De Witte Stein, mar dat wie noch in toer om dat te finen. De hiele brut oan dyken en paden is dêr nochal feroare fanwege de oanlis fan de A73. Mar goed is it slagge.
P-PAD XXXII
In pear dagen rest en dan mar wer fierder: 29 juni. No fan station Roermond nei deselde Witte Stein. Dat foel ôf. It wie swierder dan wy tochten en ek nochal wat fierder. Hjir klopte de kaart net hielendal mear. Mar wol troch prachtige natoer by Maalbroek en Swalmen. De A73 raast dêr ûndertroch, mar jo fernimme der neat fan. By de Witte Stein lekker iten.
P-PAD XXXIII
Op 1 juli fan Echt nei Roermond. No wie it al in dreech stik om it begjin fan de rûte te finen. Dat hat ús in oere kost en dus ek in 4 km. No kloppe de kaart en it paad hielendal net mear. It wie prachtig, der net fan, mar as jon ei 30 km rinnen noch lang net te plak binne! Ik haw in frou frege hoe ’t wy by it station komme koene. Sy hat de auto pakt en ús dêr ôfsetten. Der binne noch wol minsken mei it hert op it goede plak!
WEROM
Ja, wy binne wer werom op it stee. Hast 7 wike wie it stil op de log. Wy hawwe it Pieterpaad wer oppakt nei in jier. Mar dêroer letter mear.
Wat ik al even troch jan wol is de kuier yn Amen (Drinte). It is in projekt oer de Aa: Ode oan de Ao. Jo krije in MP3 mei muzyk en gedichten mei en Dan meitsje jo in kuier lâns de âlde beek. It is wat muzyk lyk as Ennya makket. En dan sitte jo op in bankje te genietsjen fan dy muzyk en it útsjoch. Dat is mear as 3D: jo krije de lûden fan de de fûgels der op ta, mar ek de wyn en de rein komme der by. En net te ferjitten de rook fan it bosk en it lân. Geweldich! Ik kin it elk oanriede. Wa't wat mear witte wol moat even hjir oanklikke.
En ja, ik bin tuskentroch noch even werom west foar in optreden meo Boots 'n Beans:

BOOTS&BEANS
Wy steane no ek op Youtube: Boots&Beans
BOOTS&BEANS
Wy steane no ek op Youtube: Boots&Beans